UPDATE: Auto slacht oer de kop op de A32

It ferkear op de A32 en A7 om It Hearrenfean hat tongersdei oan de ein fan de middei in skoft lêst hân fan in ûngelok by It Hearrenfean. Op de A32 sloech yn de rjochting fan Wolvegea in auto oer de kop. De sjauffeur rekke beknypt en is troch ambulânsepersoniel út de auto helle. De oprit nei de A32 fanút De Jouwer wie in skoft ôfsletten en dêrtroch ûnstie der ek file op de A7.