Teäter Snits belibbet primeur mei opnamen Hans Liberg

13 apr 2017 - 16:26
Teäter Snits - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Teäter Sneek belibbet freedtejûn in primeur. Foar it earst wurde der telefyzje-opnamen makke fan in teäterfoarstelling. It giet om in optreden fan pianist Hans Liberg. Liberg hat al faker yn Snits stien en woe de opnamen hiel graach yn dat teäter meitsje litte, omdat er wiis is mei de sfear en it publyk yn Snits.

De opnamen wurde brûkt foar in registraasje dy't letter te sjen wêze sil op tv. Ek sil de opname op dvd útbrocht wurde.

Trefwurden: 
Teater Snits Hans Liberg
(Advertinsje)
(Advertinsje)