Solar Voyager op reis nei Antarktika

Yn Amsterdam wurdt boud oan in spesjale auto dy't fan septimber ôf nei it hert fan Antarktika rydt. De Solar Voyager wurdt makke fan ôffalmateriaal as foarbyld fan in sirkulêre ekonomy en wurdt oandreaun troch sinnepanielen. Hy wurdt makke en riden troch aventoersman Wilco van Rooijen en miljeu-ûndernimmer en pionier Edwin ter Velde. De auto moat oer twa wiken klear wêze.
Klipper
​Fryslân spilet in grutte rol yn it hiele projekt. Yn Ljouwert wurdt de auto test. De reis begjint en einiget yn Harns. Yn septimber giet de auto út de haven fan Harns op in klipper nei de Súdpoal. En mids desimber moat it aventoer dêr begjinne. It is dan simmer yn Antarktika, mar it waar bliuwt ûnfoarspelber en de tocht is gefaarlik. It kontakt mei de auto bart út in kommunikaasjesintrum yn Ljouwert wei.
Fossylfrij
Edwin ter Velde wol mei it projekt berikke dat der mear oerstapt wurdt op griene enerzjy. "We hebben al genoeg gepraat en gedebatteerd, maar groen moet je doen!" As alles goed ferrint docht de Solar Voyager takom jier mei oan it evenemint Fossylfrij Fryslân.