LIVE: Hoe fergiet it Aafke yn finale Liet Ynternasjonaal?

Foar Aafke Zuidersma fan Twizel wurdt it in spannende jûn, de 31-jierrige sjongeres stiet yn 'e finale fan Liet Ynternasjonaal. Dit sjongfestival is bedoeld foar muzikanten dy’t yn minderheidstalen sjonge; Aafke docht dat fansels yn it Frysk. De finale is live te folgjen fia ûndersteande livestream.
Aafke is ien fan de acht dy’t meidocht oan ‘e finale dy’t dit jier hâlden wurdt yn Kautokeino, Noarsk Laplân. Mei it liet ‘Minsk fan wearde’ is Aafke as sânde oan bar yn de finale dy’t fan 19.00 oere ôf begjint.
Is de livestream net te sjen? Klik dan hjir.