Wim Stroetinga neist poadium op ûnderdiel scratch op WK

13 apr 2017 - 15:42
Wim Stroetinga - Foto: ANP

Baanhurdfytser Wim Stroetinga fan Aldeberkeap is by de WK yn Hongkong fjirde wurde op it ûnderdiel scratch. Stroetinga ferskûle him yn de race lang yn de groep en kaam net earder as yn de lêste rûntsjes op stoom, mar dat wie te let.

De Poal Adrian Teklinski wûn it goud, foar de Dútser Lucas Liss en de Brit Christopher Latham. Stroetinga foel by oare WK's wol yn de prizen: yn 2007 en 2008 helle er sulver, yn 2012 brûns.

(Advertinsje)
(Advertinsje)