Frije Cross Blije hâldt nei dit jier op te bestean

De Frije Cross fan Blije hâldt nei dit jier op te bestean. Ein july is de lêste kear. De organisaasje seit dat de animo foar de ludike klassen yn har cross werom rint. En dat wie no krekt wêrmei't Blije him ûnderskiede woe fan oare autocrossen.
It kostet ek te folle tiid om alles goed te organisearjen. Boppedat moat de organisaasje rekken hâlde mei in hiel soad regels dy't ekstra jild kostje. En dat is net mear op te bringen. De lêste frije cross is 29 july. De 15de is dus de lêste. De organisaasje hopet op in spetterjende finale.