Meiwurker Fonterra ferwûne by ûngelok mei hyt wetter

13 apr 2017 - 15:27
Foto: Srfotografie

By suvelfabryk Fonterra op It Hearrenfean hat tongersdeitemiddei krekt nei tolven in slim ûngelok west. Yn it tsjettelhûs knapte in stoomlieding, wêrtroch't in meiwurker oerspield waard mei hyt wetter. It slachtoffer is behannele troch personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter en dêrnei oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

It is net bekend hoe slim oft it slachtoffer ferwûne rekke is. Neffens it bedriuw makket er it nei omstannichheden goed. De kollega's fan de man wurdt slachtofferhelp oanbean. De arbeidsynspeksje sil de tadracht fan it ûngelok ûndersykje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)