Harnzers krije ûntwerp fontein gau te sjen

13 apr 2017 - 15:19

Ynwenners fan Harns krije nije wike it ûntwerp te sjen fan de fontein dy't de stêd krijt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Dat hie al earder sillen, mar it waard útsteld, om't de gemeente it ûntwerp earst sels sjen woe, foardat de skets oan de ynwenners foarlein wurdt.

De fontein is ûntwurpen troch it keunstnersechtpear Allora en Calzadilla. Se binne der sels net by yn Harns, mar fertelle fia in Skypeferbining oer har kreaasje. Mei de presintaasje fan de fontein foar Harns binne no alle alve ûntwerpen bekend. Alle alve Fryske stêden krije fanwege Ljouwert Kulturele Haadstêd in fontein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)