Achtkarspelen wol kosten needopfang ferhelje op COA

© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De gemeente Achtkarspelen wol de kosten dy't makke binne om de komst fan in needopfang ta te rieden, ferhelje op it COA. De ried fan Achtkarspelen hie ferline jier de opdracht jûn om needopfang foar flechtlingen te regeljen yn de gemeente. Achtkarspelen hat dêr doe tiid en jild ynstutsen.
De needopfang is der net kaam, om't der folle minder flechtlingen nei Nederlân kaam binne as dêr't rekken mei hâlden waard. Ek oare gemeenten wolle kosten dy't makke binne, fergoede ha. It ryk hat ek tasein dat dat jild der komt.