Ek 'Wêr bisto' fan Twarres te hearren yn The Passion

Elske DeWall sjongt fan 'e jûn by The Passion mooglik ek it Twarres-nûmer 'Wêr bisto'. Dat docht bliken út de poadiumrepetysje fan tongersdeitemiddei. Op woansdei waard bekend dat sy ek it nûmer 'In nije dei' fan De Kast sjonge sil.
Mooglik sil de ferteller, Remco Veldhuis, syn rol by The Passion yn it Frysk iepenje. By it repetearjen tongersdeitemiddei sette Veldhuis útein mei in Fryske tekst. Op de autocue stiet al in tekst klear yn fonetysk Frysk.