Cambuur: Schilder blessearre, Lilipaly yn de basis

13 apr 2017 - 13:49

Robbert Schilder spilet freed net foar Cambuur yn de thúswedstriid tsjin Telstar. De sintrale ferdigener hat hinder fan in oanhechting by de hamstring. Cambuur wol foarsichtich wêze mei de ferdigener, dy't in belangrike rôl spilet yn it alvetal fan Cambuur. De ferfanger fan Schilder wurdt Omar el Baad of Delvechio Blackson.

Cambuur trainer Sipke Hulshoff woe noch net in opstelling bekend meitsje, mar sei wol dat der in oanfallend Cambuur op it fjild ferskine sil. Cambuur spilet it peaskewykein twa kear: Freed thús tsjin Telstar; moandei út tsjin Jong FC Utrecht. By twa kear winst binne de Ljouwerters sa goed as wis fan dielname oan de play-offs. Boppedat is Cambuur noch kânsryk yn de fjirde perioade.

Mooglike opstelling Cambuur: Zeinstra, Van Deelen, Steenvoorden, Blackson/El Baad, Peersman; Bakker, Van de Streek, Monteiro; Lilipaly, Barto, Tissoudali.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)