Hearrenfean stekt mear jild yn bern út earme húshâldens

13 apr 2017 - 13:32

De gemeente Hearrenfean lûkt mear jild út foar bern út earme húshâldens. It giet dit jier om goed 225.000 euro, hast twa kear safolle as it besteande bedrach. It jild wurdt brûkt foar ûnder oare muzyk- en sportlessen en skoalspullen. It ekstra jild komt fan it Ryk. Ien op de sân bern yn de gemeente Hearrenfean libbet yn earmoede, seit de gemeente. Om dizze bern te berikken, wurket de gemeente gear mei maatskiplike organisaasjes lykas it Jeugdsportfonds en it Jeugdcultuurfonds.

Se betelje bygelyks kursuskosten en materialen. De ynstellingen krije hjirfoar no mear jild fan de gemeente. Troch de ekstra ryksbydrage kinne bern út earme gesinnen ek it swimdiploma B helje. Earder stelde de gemeente al jild beskiber foar it A-diploma. Hearrenfean hie 110.000 euro beskikber foar bern yn earme gesinnen. De gemeente stelt foar dit jild te besteegjen oan earme ynwenners fan 18 jier en âlder. Op 22 maaie nimt de gemeenteried dêr in beslút oer.

Trefwurden: 
Hearrenfean earmoede bern earm
(advertinsje)
(advertinsje)