Fryske ynstellingen stappe oer op griene, lokale stroom

13 apr 2017 - 13:13
Griene stroom - Foto: Omrop Fryslân

Ferskate Fryske ynstellingen, wêrunder Omrin, it Fries Museum, BV Sport, 23 gemeenten en de provinsje Fryslân kieze foar duorsume stroom dy't yn de eigen regio produsearre is. Se regelje de mienskiplike ynkeap fan har enerzjy fia de Stichting Openbare Verlichting Fryslân.

De regionale griene stroom wurdt foar in grut part produsearre troch Omrin út biomassa út Frysk húshâldlik restôffal en wurdt brûkt foar ûnder oare biblioteken, gemeentehuzen en sportkompleksen.

(advertinsje)
(advertinsje)