Hulshoff ferlinget kontrakt, Cambuur op syk nei haadtrainer

13 apr 2017 - 12:32

Sipke Hulshoff hat syn kontrakt ferlinge by SC Cambuur foar twa seizoenen. Hy wie it ôfrûne seizoen mei Arne Slot haadtrainer by de Ljouwerters, mar wurdt no wer assistint-trainer. Dit bestjut dat SC Cambuur op syk giet nei in nije haadtrainer.

Arne Slot makke yn in earder stadium bekend dat er net by Cambuur bliuwt. Hy sil fan it nije seizoen ôf oan de slach by AZ as assistint-trainer.

Ek Jan Bruin hat in kontraktferlinging krigen foar twa jier as assistint-trainer, njonken Hulshoff. Haadtrainer fan Jong SC Cambuur Dennis van der Ree bliuwt ek langer by Cambuur. Hy hat tekene foar ien seizoen.

Kontinuïteit

Technysk direkteur Gerald van den Belt: “Het is als club enorm belangrijk om continuïteit in de staf te hebben. Bovendien mag je deze drie mannen echte clubmensen en daarmee cultuurbewakers noemen. Dat is zeker bij een volksclub als SC Cambuur een belangrijk gegeven. Met Sipke Hulshoff, Jan Bruin en René Ponk hebben we de kern van de staf van het eerste goed staan, maar we zijn zoals eerder aangegeven nog op zoek naar een hoofdtrainer. Dat doen we heel zorgvuldig en zonder haast.”

(advertinsje)
(advertinsje)