Almeerder pakt foar ynbraak yn tankstasjon Warkum

13 apr 2017 - 11:40
Foto: ANP

De plysje hat yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn Koudum in 21-jierrige ynwenner fan Almere oanhâlden om't er sigaretten stellen hie. By in tankstasjon oan de Spoardyk yn Warkum waard dy nacht ynbrutsen. De plysje en de eigener fan it tankstasjon binne achter de dieders oanriden en fûnen de auto inkelde kilometers fierder yn Koudum.

Yn de kofferbak lei in grutte pûde mei sigaretten. Dêrop waard de auto yn beslach nommen. Doe't de auto ôfsleept waard, kaam de eigener fan de auto oanrinnen. De man wurdt fertocht fan de stellerij en is oerbrocht nei it plysjeburo. De eigener fan it tankstasjon hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
tankstasjon Warkum ynbraak
(advertinsje)
(advertinsje)