Soad fraach nei keaphuzen yn Fryslân, oanbod omleech

© ANP
Der is safolle fraach nei keaphuzen, dat it oanbod fluch omleech giet. Dat seit de ôfdieling Fryslân fan de NVM, de Nederlandse Vereniging van Makelaars. Yn it earste fearnsjier fan 2017 waarden tsien persint mear huzen ferkocht as in jier earder. It lêste jier binne der mear as 6.000 huzen fan eigener feroare.
Neffens Albrecht Kok fan NVM is dat in rekôr. Ek foar de rest fan 2017 wurdt noch groei ferwachte. Ek de prizen fan de ferkochte huzen gienen in bytsje omheech. Ien fan de wichtichste redenen om no in hûs te keapjen, is neffens keapers de lege hypoteekrinte.