FIDEO: 'Maria' Elske DeWall is klear foar The Passion

13 apr 2017 - 11:16

Elske DeWall kin hast net wachtsje oant se optrede mei yn The Passion. Fan 'e jûn spilet de Friezinne de rol fan Maria yn it Peaske-spektakel en se is der hielendal klear foar: "Ik waard fan 'e moarn wekker en ik wie relaxed, mar ek enerzjyk", seit Elske. "De tarieding nei fan 'e jûn ta wie best lang, mar nei de poadiumrepetysje fan juster tocht ik: Lit mar komme!"

Drok skema

The Passion begjint jûn om healwei njoggenen, mar Elske hat foar dy tiid noch in drok skema foar de boech. Sa joech se fan 'e moarn by Omrop Fryslân in live optreden, die se in ynterview by Radio 538 en hat se fan 'e moarn ek noch in live-ferbining mei it programma Koffietijd.

Fan 'e middei is de lêste repetysje op it Saailân. "Mei de hakken oan diskear! Ik hoopje mar dat it poadium drûch is. It soe wol moai wêze as it hjoed gewoan drûch bliuwt." Nei de repetysje moat Elske de make-up yn en yn har kostúm hyst wurde. Dêrnei hat se noch efkes skoft, ear't The Passion dan ek echt begjint.

'Over the top'

De grutte fan The Passion is ûn-Nederlânsk, fynt Elske. "It is sa grut dat it hast 'over the top' is. It is ûnwerklik om dêr diel fan út te meitsjen. En it is bizar dat ik as famke út Feanwâlden op it poadium stean mei. Mar tagelikertiid fiel ik my op it poadium ek echt thús."

It is in drokke dei foar Elske, mar genietsje docht se wol: "It fielt as bist hiel bot jierdei."

Folgje The Passion

The Passion is wiidweidich te folgjen by Omrop Fryslân. Wy hâlde fan fiif oere ôf in live-blog by op ynternet en in ferslachjouwer rint jûn mei yn de prosesje en docht dêr live ferslach fan op Facebook. It spektakel is live te sjen op NPO1.

Trefwurden: 
The Passion Elske DeWall
(advertinsje)
(advertinsje)