Fryske jeugd fielt him sûn

13 apr 2017 - 10:30
Foto: Omrop Fryslân

Goed njoggen fan de tsien jongeren fan 12 oant en mei 18 jier yn Fryslân fielt him lichaamlik en geastlik sûn. Dat docht bliken út de enkête Go Jeugd 2016 fan de GGD Fryslân. Dêr dienen hast 9.000 Fryske jongeren oan mei. Jongeren dy't psychososjale problemen hawwe, lykas peste, fiele har minder sûn.

Fan dizze groep seit 69 oant 79 persint de eigen sûnens goed of tige goed te finen. By jongeren sûnder dizze problemen is dat 92 oant 94 persint.

Trefwurden: 
jongeren sûn GGD Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)