Leeuwarder Leeuwtje útrikt oan Gerrit Fokkema

© Gemeente Ljouwert
De 93-jierrige Gerrit Fokkema hat tongersdeitemoarn it Leeuwarder Leeuwtje krigen. Boargemaster Ferd Crone en wethâlder Henk Deinum rikten it út yn it stedhûs yn Ljouwert. It Leeuwarder Leeuwtje is bedoeld foar minsken dy't har ynset hawwe foar de gemeente Ljouwert of de Ljouwerter mienskip. Fokkema hat him ûnder oare ynset foar de kristlike skoutinggroep Burmania, de provinsjale 4 maaie betinking en de werynrjochting fan it Potmarge-gebiet.
Boppedat sprekt er op byienkomsten dy't te krijen hawwe mei de betinking fan de Twadde Wrâldoarloch. Gerrit Fokkema wie ien fan 51 fersetsminsken dy't yn 1944 befrijd waarden by de oerfal fan it ferset op de Ljouwerter finzenis. Goed tsien jaar lyn waard Fokkema beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.