Kollum: ''Impact''

13 apr 2017 - 08:28

"Jacob, ik wie juster op de telefyzje. En moandei ek al. Ik wie frege om mei te dwaan oan in spultsje, de Tafel van Taal. Ik hie my foarnommen om nea mei te dwaan oan telefyzjespultsjes. Want ik wurkje foar serieuze media, sa as it oerdeeglike Fryslân fan ‘e moarn, en ik bin gjin spultsjeman. Mar dy telefyzjeminsken wisten it goed te bringen: it giet om in leuk taalspultsje. No, ik sil der ris oer neitinke.

Afijn, lang ferhaal koart: in moanne lyn siet ik yn Amsterdam Noord yn in kâlde loads midden yn it dekôr, mei Margriet van der Linden. Ik ha eigentlik leaver sels de kontrôle, yn plak fan dielnimmer te wêzen, en mei sa'n spultsje kin allinnich mar fan alles mis gean. Mar it foel ta. We hawwe de heale finale helle en rekken der ôf op 1 sekonde, mar dêr wol ik it net oer ha. Ik wol it ha oer it ferskil tusken telefyzje en radio.

Radio wurdt mei in pear man makke. Do sitst yn dyn ientsje yn de studio, mei op de eftergrûn dyn redaksje en dyn meiwurkers, mar in soad minsken binne it wierskynlik net. Wannear’t ik op 'en paad bin as ferslachjouwer, neam ik mysels in one man band. Dat is ek de sjarme, fyn ik, fan radio. Mar hoe oars is telefyzje.

By de opnamen yn dy loads wienen wis tweintich, en miskien wol tritich man efter de skermen oan it wurk. Ien foar de kompjûter dy’t it spultsje draaide, stik as trije kameramannen, in regisseur, in opnamelieder, in ljochtman, in lûdsman, grime, catering, it gong mar troch. Aardige minsken, mar ik waard der wat ferlegen fan.

Fan it budzjet fan de NPO yn Hilversum giet mear as 480 miljoen euro per jier nei de telefyzje. Nei de radio giet 90 miljoen. Telefyzje kriget mear as fiif kear safolle. En ek al snap ik dat it gewoan djoerder is om te meitsjen, in bytsje jaloersk bin ik al.

En dat hat ek te krijen mei de reaksjes op myn twa beskieden optredens op de telefyzje dizze wike. Sjoch, ik meitsje no tolve jier radio. Miskien wol tûzen reportaazjes. Tolve trochwrochte dokumintêren en fansels dizze kollum by dy, wêrfoar heal Fryslân fansels plat foar de radio sit.

Mar ik ha yn de ôfrûne wike mear berjochtsjes oer dat stomme spultsje krigen as op al it radiowurk fan de ôfrûne tolve jier byinoar. Gau mei ophâlde, soene je tinke.

It giet my net echt om de reaksjes. Ik wol gewoan moaie ferhalen fertelle. Kommend wykein wer in radiodokumintêre, oer hoe’t it stiet mei de akseptaasje fan homo’s yn Nederlân. Nijsgjirrige ferhalen, dy’t minsken reitsje. Dát fyn ik belangryk.

Mar dan tink ik oan Paul Witteman. Him waard yn syn tiid by Pauw en Witteman frege wêrom't er dat populêre praatprogramma makke, en net in mear eigensinnich sjoernalistyk programma. Impact, wie syn antwurd. Hy wol dat it wurk dat er docht in soad minsken berikt.

En dan jokket it al ris by my. Nei de Tafel van Taal seagen sa’n 340.000 minsken. Dat hellet it radiodokumintêreprogramma op de sneintejûn op Radio 1 net, kin ik dy fertelle. Lang net.

Ik sil telle hoefolle reaksjes der op myn radiodokumitêre komme. En ast it nijsgjirrich fynst, kin ik dy nije wike presys fertelle wat it ferskil is, mei as ik oan in spultsje op de telefyzje meidoch."

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Botte Jellema
(Advertinsje)
(Advertinsje)