Snorfytster (19) hat tefolle drank op: rydbewiis kwyt

13 apr 2017 - 08:02
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

De plysje hat woansdeitenacht yn Ljouwert it rydbewiis fan in 19-jierrige frou ôfpakt, om't se tefolle dronken hie. De begjinnend bestjoerder ried mei har snorfyts oer de Voorstreek doe't se oanhâlden waard troch de plysje.

Ut in blaastest die bliken dat se tefolle drank op hie. Dêrop waard it rydbewiis fan de frou ynfoardere en krige se in rydferbod fan seis oeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)