Soargen oer Fryske balkons en galerijen noch net foarby

13 apr 2017 - 07:30

Fan de oant no ta 4500 ûndersochte balkons en galerijen wie in tredde part ûnfeilch. Dat docht bliken de ûndersiken dy't útfierd binne troch Fryske wenningboukorporaasjes. Foar it grutste part is der al in oplossing foar dy wenningen, útsein foar 276 balkons yn Ljouwert fan WoonFriesland. Mar dy oplossing is lykwols tichtby, de tariedingen foar it ferstevigjen fan dy balkons binne al úteinset.

Fryske wenningboukorporaasjes kontrolearje dêrom de kommende jierren noch mear as 9.000 balkons en galerijen. By dizze wenningen kin der in probleem wêze mei de flier en de bewapening yn de flier. WoonFriesland hat it grutste oandiel hjiryn. De korporaasje docht mear as 7.800 ûndersiken, mar ek Accolade, Elkien en oare lytsere wenningkorporaasjes dogge der sa’n 1.500.

Ferplichte kontrôles

In part fan dizze wenningen moat ferplicht ûndersocht wurde foar 1 july 2017. Dit is omdat der seis jier lyn in galerij ynstoart is op de Antillenwei yn Ljouwert. De flier fan dy galerij wie oantaaste troch rust. Neffens it ministearje is der in kâns dat oare galerijflieren ek oantaast binne.

Dêrom moatte no flatwenningen dy’t foar 1975 boud binne, mei galerijen dy’t oan de bûtenkant fan it gebou hingje, ûndersocht wurde. Mochten de flieren net goed wêze, dan moat de eigener maatregels nimme.

De gemeenten moatte tasjen oft dizze kontrôles ek echt barre. Njonken wenningboykorporaasjes binne der ek noch partikuliere eigeners fan de wenningen, dy’t ferplichte kontrôles dwaan moatte.

Fryslân Hjoed

Tongersdei prate we der fierder oer yn Fryslân Hjoed. Richard Smeding fan WoonFriesland skoot oan en ek sosjaal-geograaf Meindert Schroor sit oan tafel.

(advertinsje)
(advertinsje)