"Better neitinke oer de takomst fan de Fryske farwegen"

Deputearre Steaten moatte mei in bettere fyzje oer de farwegen yn Fryslân komme. By it beslút om de farwegen nei It Hearrenfean en Drachten wol of net geskikt te meitsjen foar gruttere en swierdere skippen moat de provinsje net allinne sjen nei it ekonomysk effekt. Ek de gefolgen foar ûnder mear rekreaasje en toerisme, feiligens en natuer moatte goed ûndersocht wurde, fine de steateleden.
De provinsje wol It Van Harinxmakanaal tusken Ljouwert en it Prinses Margrietkanaal en de farwei nei It Hearrenfean ferbreedzje. De farwei nei Drachten ta net. Dat soe te djoer wêze. It doarp Terherne hat al protestearre tsjin de plannen. Se wolle de grutte skippen net troch it doarp hinne hawwe. De provinsje wol de farwegen ferbreedzje, omdat hieltyd mear transport oer wetter giet mei swierdere skippen.