Haven fan Harns oernaam troch bedriuw Port of Harlingen

De haven fan Harns © Omrop Fryslân, Timo Jepkema
De haven fan Harns wurdt selsstannich. Dat hat de gemeenteried besletten. De ûndernimming Port of Harlingen wurdt ferantwurdlik foar de ekonomyske ûntwikkeling, it behear, ûnderhâld en eksploitaasje fan de haven. Foar de minsken foar de haven wurkje, hat it beslút gjin gefolgen. Se gean oer nei it nije havenbedriuw. Dêr wurdt noch in direkteur foar socht.
Wethâlder Maria le Roy is ynnommen mei it beslút. "In Nederland is al jaren een proces gaande waarbij grote havens door overheden verzelfstandigd worden. Met de oprichting van de Port of Harlingen kunnen we de enige Friese zeehaven verder ontwikkelen en nadrukkelijk op de kaart gaan zetten."
Ferskaat
De Harnzer haven hat in protte kanten. Der is in yndustryhaven, fiskerij en fearboaten, der is rekreaasjefeart, ynternasjonale rivier- en cruiseskippen, en de histoaryske brune float. "Die veelzijdigheid, waarbij veel bedrijven complementair aan elkaar zijn, is onze unieke kracht", seit wethâlder Le Roy, "Daar moet Port of Harlingen zich voor de toekomst op blijven inzetten. Er moet ruimte geboden worden aan zowel scheepsbouw, visserij, offshore als logistieke bedrijven."
Banemotor
Dêrnjonken is Harns ferbûn mei de Urker fiskers en de garnalefiskers. Sy meitsje echt diel út fan de haven en de siel fan Harns. Mei de oprjochting fan Port of Harlingen kinne wy de fierdere ekonomyske ûntwikkeling fan de banemotor fan de regio noch better ferrinne litte, seit Le Roy.