Pontons te let, Teehûs Grou pas op Keningsdei wer iepen

12 apr 2017 - 21:33

It wie de bedoeling om foar de peaskedagen wer iepen te gean, mar dat wurdt him net foar It Teehûs yn Grou. Yn febrewaris baarnde it restaurant oan de grûn ta ôf.

Utbater Timo Slump woe fanút in grutte kontener op in driuwend ponton syn gasten betsjinje. Mar twa fan de fjouwer pontons dy't dêrfoar nedich binne, lizze yn Lelystêd, oan de oare kant fan de Iselmar. De kapitein dy't se nei Grou farre moat, doar it mei de hurde wyn net oan om se oer de mar te bringen. De weriepening fan it restaurant rint dêrtroch nei alle gedachten twa wiken fertraging op. Mei Keningsdei hopet Slump dat er wer iepen kin.

Trefwurden: 
Theehuis teehûs Grou
(Advertinsje)
(Advertinsje)