"Kwaliteit toeristysk oanbod KH2018 kin noch wol wat better"

12 apr 2017 - 21:11

It toerisme yn Fryslân sit yn de lift. Fryslân groeit flugger as de rest fan Nederlân. Mar foar de start fan de Kulturele Haadstêd fan 2018 moat de kwaliteit fan it oanbod eins noch krekt in bytsje omheech. Dat seit deputearre Kielstra.

It tal oernachtingen yn Fryslân groeide ferline jier hurder as op oare plakken yn Nederlân. Neffens Kielstra jout dat oan dat de Fryske ûndernimmers it goed foarelkoar hawwe, mar dochs sjocht er noch wol romte foar ferbettering. Benammen op it mêd fan meartalligens soe it better kinne, sa fynt er.

(Advertinsje)
(Advertinsje)