"Provinsje moat miljoenen mear yn natuer ynvestearje"

De provinsje driget de eigen natuerdoelstellingen net te heljen. Dat sizze It Fryske Gea, de Fryske Miljeufederaasje en Natuermonuminten. Neffens de natuerorganisaasjes driget in grutte achterstân yn it provinsjaal natuerbelied. En dat wylst de doelstellingen yn it saneamde Grien Manifest fan fiif jier ferlyn ek noch nei ûnderen ta bysteld binne.
Wegering
De realisaasje fan natuer yn de saneamde 'ekologyske haadstruktuer' ferrint te stadich, sizze de organisaasjes. Dat komt trochdat de provinsje hieltyd faker wegeret om lân foar natuer te ornearjen op plakken dêr't dat wol ôfpraat is. Dêr soe te min jild foar wêze. De ekologyske haadstruktuer bestiet út natuergebieten dy't mei-inoar ferbûn binne. Om dy ferbining te krijen, moat mear lân foar natuer beskikber komme.
Boeregrûn oankeapje
Ut in resinte lanlike evaluaasje docht bliken dat Fryslân it minst fan alle provinsjes yn de realisaasje fan natuer ynvestearret, sizze de natuerorganisaasjes. De eigen bydrage is no 1,7 miljoen euro it jier. Dêr soe fiif miljoen euro by moatte, sizze de organisaasjes. Se wolle dat de provinsje grûn keapet fan boeren dy't ophâlde. Dat binne yn Fryslân hast hûndert yn it jier, sizze se. Sok boerelân soe as natuergebiet oan de ekologyske haadstruktuer taheakke wurde kinne. Foarbylden sjogge se yn greidefûgelgebiet De Heanmar by Koudum, oan de Tsjonger, en by de Fryske Iselmarkust del.
Ferbûn
Neffens de natuerorganisaasjes is Fryslân de provinsje wêrfan't de ynwenners harren it meast ferbûn fiele mei de natuer. Natuerbelied smyt in protte op, sizze se. Sa soe de ekonomyske wearde fan Nasjonaal Park De Alde Feanen, dat ien miljoen euro it jier kostet om te behearen, wol 20 miljoen euro it jier wêze.