FIDEO: 'In nije dei' op generale repetysje The Passion

12 apr 2017 - 20:28

It nûmer 'In nije dei' is it Frysktalige ûnderdiel fan it peaskespektakel The Passion yn Ljouwert. Elske DeWall song it liet fan De Kast woansdei op de generale repetysje. DeWall spilet de rol fan Maria, de mem fan Jezus. Se song 'In nije dei' woansdei by de repetysjes op it Saailân.

Yn de binnenstêd fan Ljouwert hearsket sûnt snein drokte yn ferbân mei it spektakel. Ofrûne wykein wiene de bouwers al drok dwaande op it Saailân. The Passion is tongersdei live te sjen op NPO1. Der wurde 20.000 besikers ferwachte.

(Advertinsje)
(Advertinsje)