Fryske les op mbo-skoallen slút oan by wurkpraktyk

12 apr 2017 - 18:09
Deputearre Poepjes wie by de offisjele ôftraap Frysk op it mbo

Learlingen fan Fryske mbo-skoallen kinne tenei op in soad opliedingen ek kieze foar Fryske les. ROC Friese Poort, it Nordwin College en it Friesland College wolle de learlingen dêrmei better tariede op it wurk.

Frysk needsaaklik

Yn de praktyk docht bliken dat Frysk prate of ferstean op de wurkflier handich of sels needsaaklik is. Benammen yn de soarch wurdt it Frysk in soad brûkt. Aldere minsken kinne harren yn it Frysk gauris better uterje as yn it Nederlânsk. Ek fine acht op de tsien wurkjouwers it belangryk dat wurknimmers Frysk ferstean of prate kinne.

De mbo-skoallen wurkje by de Fryske lessen gear mei it Afûk en ûnderwiisorganisaasje Cedin.

(Advertinsje)
(Advertinsje)