Langste skilderij is opknapt en te sjen yn Museum Dokkum

12 apr 2017 - 17:11

Nei in lang restauraasjeproses komt it langste skilderij fan Dokkum lang om let te hingjen yn Museum Dokkum. Dit wykein is it skilderij nei 70 jier foar it earst wer foar publyk te besjen. It skilderij is 240 sintimeter lang. It hat as tema Dokkum yn de 18de iuw. Dat makket it bysûnder, want út dy tiid binne der net folle skilderijen fan Dokkum bekend.

Op it skilderij stiet de havenyngong fan Dokkum, oan de eastkant fan de stêd, de 'halvemaanspoort' en de kettingbrêge. Yn it museum krijt it skilderij in plak yn it ferhaal fan de skiednis fan Dokkum. Mei in crowdfundaksje waard ferline jier yn trije wiken tiid in bedrach fan 3.600 euro binnenhelle. Dêrnei is hast in jier oan wurke om it skilderij wer yn goede steat te krijen.

Trefwurden: 
skilderij Museum Dokkum
(Advertinsje)
(Advertinsje)