Feroardiele foar heling 620 pûden hûnebrokken: wurkstraf

12 apr 2017 - 16:42
Foto: Omrop Fryslân

In man út Zutphen moat 60 oeren ferplichte oan it wurk, omdat er yn april ferline jier by Surch oantroffen waard yn in buske mei 620 pûden stellen hûnebrokken. Dy kamen út in loads oan de Kelvinstrjitte yn Harns. De plysje krige in melding oer in fertochte bestelbus by it tankstasjon fan Surch. It buske hie in lekke bân.

De man út Zuthpen seit dat er neat mei de stellerij te krijen hat. De rjochter fynt ek dat net bewiisd wurde kin dat de man ut Zutphen de hûnebrokken sels stellen hat. Wol kin er feroardiele wurde foar heling. De skeaclaim fan de eigener fan de loads is ôfwiisd. De stellen partij hûnefretten, mei in wearde fan 19.000 euro, is dutsen troch de fersekering.

(Advertinsje)
(Advertinsje)