FIDEO: Dûmny Rinsma set peaskeferhaal yn modern jaske

Is it lijensferhaal fan Jezus sa't dat yn The Passion ferteld wurdt yn de populêre kultuer op 'e nij ûntdutsen? De sjongende dûmny Gerard Rinsma fan Goutum set it peaskeferhaal yn in modern jaske.
"De krusiging is al iuwen in tema yn de skilderkeunst, sa skildere Van Gogh mem Maria mei in deade Jezus op skoat, mei syn eigen gesicht." It ferhaal wurdt neffens Rinsma hieltyd subjektiver en wurdt omearme troch de popmuzyk lykas de musical Jesus Christ Superstar. "Popartysten feroverje it peaskeferhaal." It ultime peaskeliet neffens de dûmny is 'In nije dei' fan De Kast. "Hielendal de live-ferzje dêr't Syb mei de Fryske flagge om de skouders sjongt, as in soarte fan Jezus." Dat liet fan ljocht en hoop sil er peaskesnein yn de tsjinst sjonge.