Wurkstraf foar Burgumer dy't guod eks-freondinne fernielt

12 apr 2017 - 16:00

In 29-jierrige ynwenner fan Burgum hat woansdei in wurkstraf fan 40 oeren krige fan de plysjerjochter. Hy hie de auto fan syn eks-freondinne yn augustus ferline jier mei in bakstien bewurke. Fierders wie de man der mei syn eigen auto op ynriden. Ek hie er de mobile telefoan fan de freondinne yn in put smiten.

De man koe it net hawwe dat de relaasje mei de frou op neat útrûn wie. De man út Burgum moat net allinnich ferplichte oan it wurk, hy moat ek de skea oan de telefoan en de auto fergoedzje en 250 euro smertejild betelje.

Trefwurden: 
wurkstraf justysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)