Undersyk: bern leare better as se bewege

Bern leare better as se bewege. Dat docht bliken út trijejierrich ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins. In nij lesprogramma moat dizze befinings no yn de praktyk bringe. Basisskoalle It Kruirêd yn Mûnein is ien fan de skoallen dy't al mei it lesmateriaal Fit en Vaardig eksperimintearret.
De bern meitsje benammen rekkensommen mei it programma. As it oan de ûndersikers leit, sille takom jier mear Fryske skoallen dermei oan de gong. Neffens de learkrêften yn Mûnein wurket de kombinaasje fan bewegen en rekkenjen goed. Neffens de ûndersikers is benammen de ferbining tusken de lesstof en de bewegingen wichtich.