Aafke Zuidersma: "It sjocht der hjir fantastysk út"

12 apr 2017 - 15:38

Aafke Zuidersma fan Twizel hat fjirtjin oeren ûnderweis west om yn Kautokeino te kommen. De winneres fan Liet sil dêr tongersdeitejûn Fryslân fertsjintwurdigje op Liet Ynternasjonaal. "We sitte hjir sa'n twahûndert kilometer ûnder de Noardpoal, it is hjir fantastysk. Alles is wyt, de natuer is prachtich, hiel rûch en we ha krekt op in slide sitten dy't lutsen waard troch rindieren. Hiel bizar, want kinst net stjoere en se draafden hieltyd mar yn rûntsjes."

Repetysje

Se hat al in repetysje hân. "It sjongen gie wol goed, mar ik bin wat ferkâlden en net hielendal fit." By Liet Ynternasjonaal dogge acht artysten mei, elk sjongt yn syn of har eigen minderheidstaal. Aafke stiet as sande pland. "Dat fyn ik wol fijn. De senuwen begjinne wol wat te kommen. Mar de seal en it lûd binne fantastysk, der is in grut poadium mei moaie visuals."

Konkurrinsje

Is se benaud foar de konkurrinsje? "Muzyk is gjin wedstriid, it is allegear prachtich om elk yn syn eigen taal te hearren." Elk lân hat in eigen sjuerylid mei, allinne Fryslân net, want Jan Tekstra is siik thús. Hy folget it fia de livestream. De sjongwedstriid is tongersdei 13 april fan 19.00 oere ôf te folgjen. "Elk moat sjen, want it sjocht der fantastysk út!"

(Advertinsje)
(Advertinsje)