CDA hat fragen oer gefolgen ferheging wetterpeil Lauwersmar

Heechwetter yn Lauwersmar (argyffoto)
It CDA yn Provinsjale Steaten wol gau mear ynformaasje hawwe oer hoe't de gefolgen fan de tydlike wetterpeilferheging yn de Lauwersmar yn de gaten hâlden wurdt. Der is al in skoft ûnrêst oer dy proef. Steatelid Maaike Prins makket har soargen oer de feilichheid. As der swiere buien binne, is troch it hegere wetterpeil minder kapasiteit om it wetter op te fangen. Boppedat giet it grûnwetterpeil omheech en dat hat konsekwinsjes foar de lânbou.
Nulmjitting
Yn jannewaris fan dit jier hat wetterskip Noorderzijlvest in fergunning ôfjûn foar de proef mei in heger wetterpeil. Oan dy fergunning is de ferplichting ferbûn om goed yn de gaten te hâlden wat de gefolgen binne fan de proef. Yn septimber ferline jier hat it CDA dêr ek al fragen oer steld. Doe is tasein dat der in nulmjitting komme soe. It CDA wol no witte oft dy nulmjitting al begongen is.