Makkum hat wer VVV-ynformaasjepunt

Makkum hat wer in VVV-ynformaasjepunt. Dat is ûnderbrocht by it taksybedriuw fan Van der Bles oan de Suderseewei. Toeristen kinne dêr tenei terjochte foar ynformaasje oer kuierjen, fytsen en farren yn de buert fan Makkum. Ek binne der ferskate folders te krijen en wurde produkten fan de VVV organisaasje ferkocht. It ynformaasjepunt falt ûnder de lisinsje fan de VVV Súdwest-Fryslân.
Yn it ferline hie Makkum in eigen VVV-kantoar yn de Waag. Troch besunigings moast dat kantoar sletten wurde. As alternatyf wie der allinnich in toeristysk ynformaasjepunt yn it makelaarskantoar oan de Haadstrjitte.