Auto slacht oer de kop op de A31 by Dronryp

By in ûngelok op de A31 by Dronryp woansdeitemiddei is ien persoan ferwûne rekke. In auto is oer de kop slein en tsjin de fangrail botst. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Ien rydbaan is ôfsletten. Ferkear dat fan Harns nei Ljouwert rydt, moat rekken hâlde mei in file fan ien kilometer.