Boufakker yn Wolvegea rekket beknypt tusken betonplaten

12 apr 2017 - 14:24
Foto: De Vries Media

By de nije hûzen oan it Koolwitje yn Wolvegea hat woansdeitemiddei in ûngelok west. In meiwurker yn de bou kaam beknypt te sitten tusken in tal betonplaten op in frachtauto en in kraan. Neffens kollega's wie de kraan ynienen nei foaren kommen. Dêrtroch kaam de man mei syn skonken fêst te sitten tusken de lading en de kraan. Hy koe de kraan sels wer weromtriuwe.

De oproppen brânwacht hoegde net yn aksje te kommen. De man is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Wat der no krekt misgien is mei de kraan, moat noch útsocht wurde.

Trefwurden: 
ûngelok Wolvegea
(Advertinsje)
(Advertinsje)