Alde militêre weinen betinke befrijing Fryslân

12 apr 2017 - 12:51
De earste dielnimmers binne ûnderweis - Foto: Omrop Fryslân, Dirk Baron

Fryslân betinkt de befrijing op sneon 15 april mei in optocht fan goed tweintich âlde militêre weinen. Se ride troch Ljouwert en om 12.45 oere komt de kolonne by it Fries Verzetsmuseum oan. In oere lang kin it publyk de auto’s en motoaren besjen. Der binne autentike Jeeps, GMC’s en Dodge motoaren by.

Op 15 april 1945 rieden de earste Kanadeeske weinen fan de Royal Canadian Dragoons Ljouwert binnen. De kolonne rydt kommende sneon deselde rûte: fia de Groningerstraatweg, Hoekstereind, Hoeksterpad, Amelandsdwinger, Nieuwekade, Oosterkade, Keizersgracht, Blokhuisplein, Nieuweweg en Zaailand nei it Wilhelminaplein.

De tocht wurdt organisearre troch it Fries Verzetsmuseum mei Keep them Rolling.

Trefwurden: 
Befrijing Ljouwert 15 april
(advertinsje)
(advertinsje)