Fosfaatreduksjeregeling is opnij oanpast

12 apr 2017 - 11:56

De fosfaatreduksjeregeling foar boeren is woansdeitemoarn opnij oanpast. Dat is net goed foar it fertrouwen yn dy regeling, seit Janita ten Berge fan LTO Noard en sels boer yn Steggerda. Bboerebedriuwen dy't gjin molke leverje, wurde dochs noch frijsteld fan de fosfaatreduksjeregeling.

It giet dan bygelyks om bedriuwen mei allinnich jongfee of fleiskij. De bedriuwen mei fleiskij woene bûten de regeling bliuwe, omdat sy ek gjin bydrage levere hiene oan de ferheging fan de fosfaatproduksje. De fosfaatreduksjeregeling is ynsteld, neidat boeren op grutte skaal mear begongen te melken, doe't it molkkwotum op 1 april 2015 ôfskaft waard.

(advertinsje)
(advertinsje)