Bou supermerk Sint-Anne kin trochgean

Supermerk
De bou fan in supermerk yn Sint-Anne kin trochgean. Omwenners makken beswier tsjin de bou fan de supermerk op 15 meter fan harren wenten, mar hawwe fan de Ried fan Steat gjin gelyk krigen. De omwenners binne benaud foar lûdsoerlêst en fine ek it parkearterrein dat by de supermerk komt te lyts. Mar neffens de steatsried is in parkearterrein foar 71 auto's grut genôch. Ek meie derop it terrein wenten boud wurde troch de wenningstichting.