"Snieskooters yn Laplân"

12 apr 2017 - 14:35

Troch Karen Bies

"Bam! Ik hear in bonk op it rút fan myn hotelkeamer. Ik skuor it gordyn oan kant. In sniebal tsjin it rút. Noch ien! It is tsjuster, mar ik sjoch it laitsjende gesicht fan Aafke. Der leit hjir in pak snie fan wol 20 sintimeter. It is tiisdeitejûn 23 oere en we binne krekt oankaam yn Kautokeino, Noarsk Laplân. It wie in lange reis, in dei lang. Bus nei Skiphol, fleantúch nei Helsinki, oerstappe op it fleantúch nei Kittila, in tuskenlâning yn Ivalo en dan noch mei de bus trije oeren ride nei Kautokeino. Mar it wie hiel gesellich ûnderweis, mei alle muzikanten en oare minsken dy’t belutsen binne by ‘Liet Ynternasjonaal’. Dêrfoar binne wy hjir, it sjongfestival foar minderheidstalen yn Europa. Sjongeres Aafke Zuidersma fertsjintwurdiget Fryslân.

Kautokeino is in plak fan mar in pear tûzen ynwenners, mar hjir wurdt alle jierren mei Peaske de Sámi Grand Prix holden, in muzykfestival. In feest dat in wike duorret en dêr’t alle Sámi fan oer de grinzen hinne komme om te joiken (folkssjongen), te iten (rindierfleis) en foaral: elkoar te moetsjen en deselde taal te praten. Laplan, it gebiet fan de Sámi, strekt him út oer hiel noardlik Skandinavië.

In leech lânskip, wyt en keal en kâld, mar Kautokeino is it hert fan de Sámi, fan waarmte en muzyk. Unfoarstelber om hjirby te wêzen. Mei kameraman Dirk Hofstede meitsje ik in Fryslân Dok oer Liet Ynternasjonaal en oer Aafke Zuidersma. It lânskip hjir sil in rol spylje, dat kin net oars. De toendra fan Noarsk Laplân, dêr’t amper beammen groeie, allinnich in bjirk sa no en dan. Hoe libje de minsken hjir?

It is yntusken woansdeitemoarn, ik ha de gordinen iepenlutsen en it earste dat ik sjoch binne snieskooters. It belooft in spannende dei te wurden. Letter mear."

Oan Liet Ynternasjonaal dogge acht artysten mei. It binne Ella Marie Hætta Isaksen (Sámysk), Aafke Zuidersma (Frysk), Zaman (Bashkir, Turkske taal), Màiri Anna NicUalraig (Skotsk Gaelic), Ruben Semmoh & Romeo Sumter (Sranan Tongo, Kreoalske taal), Nikita Ilyin (Udmurt, Oeraalske taal), Ukan (Bretonsk), La Schlapp Sauvage (Lúksemboarchsk).

It sjongfestival is tongersdei 13 april en is fia in stream te sjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)