Epke Zonderland fljocht der wer op los

12 apr 2017 - 09:45
Epke Zonderland - Foto: ANP

Epke Zonderland is dwaande om in nije searje op de rekstok te learen. Op Twitter hat er in filmke pleatst dêr't de Lemster turner mar leafst fiif flechteleminten yn sjen lit. Hy docht earst twa achter elkoar, makket noch wat ekstra faasje mei in swaai en docht dêrnei trije flechteleminten achter elkoar.

"Epke is vooral hard aan het studeren", seit coach Daniël Knibbeler yn reaksje op it filmke. "Maar hij traint ook wel een beetje." Is er dwaande mei in gouden oefening foar it WK dizze hjerst yn Montréal? "Het is oriënterend", lit Knibbeler witte. "We zoeken naar de eventuele mogelijkheden in de nieuwe turncode. En inderdaad, wie weet is dit inzetbaar voor het aankomende wereldkampioenschap." Mei de kombinaasje fan twa en trije flecheleminten lit er de turnwrâld sjen dat se noch wol rekken mei him hâlde moatte.

EK

Kommende wike stride de turners yn Cluj yn Roemenië om de Europeeske titel. Sûnder Epke Zonderland. Nei syn mislearre Olympyske Spelen yn Rio hat er wat minder oan turnjen dien. Hy is troud en fierder gien mei de stúdzje.

Trefwurden: 
Epke Zonderland turnjen
(Advertinsje)
(Advertinsje)