Kollum: "Tiny houses"

12 apr 2017 - 08:53

"Ik bin in jittikmiger, mar net in mychammelneuker. Mar ik sloech fan ferbjustering wol efteroer doe’t de Frysk Nasjonale Partij fan Waadhoeke sei in projekt fan tiny houses yn Menameradiel stypje te wollen. Tiny houses. Je leauwe de ûnskuld fan gemeentlike politisy, dus ik socht út wat foar húskes dat wiene. No gewoan, lytse húskes. Net húskes foar lytse minsken, dan moat je nei de spitkeet yn De Harkema. Nee gewoane wat lytsere húskes. En ik begryp dat je it wurd starterswenning wolris kwyt wolle, mar de FNP kin dochs wol gewoan lytse húskes oanpriizgje. Nee, tiny houses.

Moarn wurdt yn Ljouwert The Passion opfierd. In kwak lju komt nei Ljouwert ta. Safolle dat guon lichtlik ûnnoazele sjoernalisten al skriuwe dat de feiligens opfierd wurde moat. Sokke berjochten bringe de idioaten yn de wrâld noch op in idee. Mar goed, The Passion. Ja, yn Ingelân. Hjir is it dochs gewoan de Matthäus Passion. Of sa’t we yn Fryslân altyd sizze de passy. Mar yn elk gefal net The Passion.

Ljouwert sleept fansels altyd al elkenien nei de stêd mei Ingelske termen. Serious Request. Huh, watte. Ja wist wol, dat glêzen hûs. O, sis dát dan. En skriuw dat dan yn de krante. Mar dy stiet fol mei GLemmer Beach, Welcome to the village, Farm Fest Summerfestival, Promised Land Festival en fierwei de aardigste: Dokkum Open Air.

Dyselde Fryske sjoernalisten skriuwe ek orgastysk oer de âlde Hiddema fan Holwert dy’t yn de Twadde Keamer belâne is. Syn maidenspeech, net syn earste kear dat hy dêr prate, nee syn maidenspeech, en dêr struide hy wat Frysk yn. Dan wurde alle kolommen iepene, wat geweldich. Earder al by it eedôflizzen, Harry van der Molen yn it Frysk en oooh Isabel Diks ek, ooh…… Jonges dat frommeske is berne yn Heerlen, wenne letter yn Apeldoorn en kaam pas yn 2006 nei Ljouwert, en dat is kwalik Fryslân. Diks ferloochene har eigen ferline. En as jim oer it Frysk skriuwe wolle, skriuw dan net oer hotemetoten, mar oer de mienskip.

Moandei twadde peaskedei meie de berntsjes aaisykje yn Jobbegea. Moai. Heit of mem moat al in appke op de telefoan ha. Raar wurd, mar goed, in appke is ynternasjonaal, dêr ûntkomme we net mear oan. Mar wit jim hoe’t dat aaisyk-appke yn Jobbegea hjit? In plak, dêr’t noch minsken wenje dy’t inkeld mar Frysk kinne? Snapchat.

Op de website fan King of the meadows, nee op de ynternetside fan Kening fan’e greide stiet yn de rjochterboppehoeke Celebrating deversity. Ik ha de hiele side troch west, mar net útfine kinnen wêrom as dat dêr stiet. Miskien wol om oan te jaan dat se it fierderop ha oer it spin off Living Lab fan natuurinclusieve landbouw. Dêr krij ik no lânskipspine fan, Jantien.

We fersmoargje ús eigen taal. Nee, je hoege foar my net allerhande ûnmooglike Fryske fertalings te meitsjen fan saken dy’t al lang hiem binne yn ús mienskip. In telefyzje is in telefyzje. Mar je kin dochs wol hearre litte dat we Fryslân binne. Dat moat dochs de ûndertoan wurde fan ús Kulturele Haadstêd ferhaal takom jier. Mar op harren projekt Lân fan Taal stiet gjin inkeld Frysk wurd, útsein Afûk. Wol taal-experience, bottom up, on tour ensafuorthinne….. Och heare, op dy side fan de kulturele haadstêd sjoch je ynienen datselde Celebrating deversity wer stean. Eindelik fûn. It giet oer dat skriezen krekt as bejaarden yn Portugal oerwinterje.

It mei allegear. Mar Riemer van der Velde hie snein wol gelyk troch te sizzen dat de kulturele haadstêd op dizze wize ús Fryske mienskip net oansprekt. It eleven fountainsprojekt is dêr it aldersprekkendste ûnderdiel fan. Al moat sein wurde dat soks ek wer net foar elk jild, yn it Bakkefean fan Riemer is in bedriuw yn motorwurk, dat hjit Frisian Motors. En we gean moarn gewoan nei de Passion. We litte it as mienskip sels ek wol wat fersluorkje. Dat moat we ús realiseare.

As we hjir allinnich mar minsken krije kinne troch Ingelsk te haffeljen en troch bûtenlânske keunstners ús kultuer meitsje te litten, dan moat we dat mar dwaan. Mar ferjit net wat we dan fuortsmite. Presies: ússels."

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op telefyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side eelkesweblok.nl.

Trefwurden: 
De Toan fan Eelke Lok
(Advertinsje)
(Advertinsje)