Grutte skea nei brân Holwert en 20 dowen dea

In fûle brân hat yn de nacht fan tiisdei op woansdei foar in soad skea soarge by twa huzen oan 'e Ale-Tún yn Holwert. Yn in skuorre yn de achtertún fan ien fan de wenningen bruts troch noch ûnbekende oarsaak brân út. It fjoer sloech oer nei in hok mei dowen dêrneist.
De fûgels, sa'n 20 dowen, ha it net oerlibbe. Eigener Henk van Laarhoven sprekt fan in drama. De beide huzen binne swier skansearre rekke troch it fjoer. Fan ien hûs baarnde de keuken en de wenkeamer út, ek de kat oerlibbe it fjoer net. De bewenners hawwe yn in hotel oernachte. Stichting Salvage sil de bewenners fan de wenningen helpe by de ôfhanneling fan de skea.