Iepen nacht NHL Hegeskoalle súkses

De NHL Hegeskoalle yn Ljouwert hat in súksefolle earste edysje fan har 'iepen nacht' hân. Der kamen hast 1300 besikers op ôf. Gewoanwei komme der sa'n 300 of 400 minsken nei de ûnderwiisynstelling ta op in iepen jûn. Foar it earst smiet de NHL de doarren foar belangstellenden iepen oant 0:00 oere nachts. De measte besikers hienen it lykwols om tsien oere wol sjoen, doe begûn de skoalle leech te rinnen. Ek by de buorlju fan Stenden koenen minsken terjochte, mar dêr wie de slutingstiid 'gewoan' 21:00 oere jûns.
De NHL Hegeskoalle wol mei de earste 'iepen nacht' oanslute by de mienskip dêr't studinten yn telâne komme as se klear binne: in 24-7 ekonomy. De spesjale simulator fan definsje fan de F-35 luts in soad minsken. Njonken dat koenen stúdzjekiezers date mei âld-studinten en by alle opliedingen del foar ynformaasje of in rûnlieding.