Freonen fan Frjentsjer wolle grutte peallen fuort hawwe

De grutte peallen op de Breedeplaats yn Frjentsjer moatte sa gau as mooglik fuort. Dat wol de feriening Vrienden van de stad Franeker. De peallen binne der in pear jier ferlyn kaam om by feesten in tinte oer it plein spannen te kinnen as oerkaping. Mar neffens de feriening passe se net yn de omjouwing.
Meikoarten praat de gemeenteried oer de werynrjochting fan it plein. Dat soe in goed momint wêze om de peallen fuort te heljen, sa fine se by de feriening. De Freonen fan de stêd Frjentsjer binne dêrom mei in online-petysje úteinset tsjin de peallen.