Deputearre Schrier: "Vermilion hat minne beurt makke"

11 apr 2017 - 20:50

Gaswinningsbedriuw Vermilion hat in minne beurt makke troch gas te winnen út in put by Langsweagen sûnder dat dêr tastimming foar wie. It sil no dreech wurde om it betrouwen fan de befolking te winnen by takomstige boarrings. Dat seit deputearre Schrier nei oanlieding fan it stopsetten fan de gaswinning by it doarp troch it Staatstoezicht op de Mijnen.

Neffens de tafersjochhâlder is it winningsplan noch net goedkard en koe der dus noch hielendal gjin gas wûn wurde. Schrier hopet dat der sa gau mooglik in ein komt oan alle gaswinning yn Fryslân en dat winningsbedriuwen ynvestearje sille op duorsume enerzjy.

(Advertinsje)
(Advertinsje)