Smelne's Erfskip kin los mei kultuerhistoarysk jier 2017

11 apr 2017 - 20:35
It gemeentehûs fan Smellingerlân yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Smellingerlân wol 40.000 euro stekke yn it kultuerhistoarysk jier 2017. Dêrmei kin it projekt fan de gemeente en de histoaryske feriening Smelne's Erfskip los.

It is al foar it sechsde jier achter elkoar dat de gemeente en de feriening mei-inoar in kultuerhistoarysk jier organisearje. Der binne in soad aktiviteiten, lykas in iepenloftspul, lêzingen, in projekt foar skoallen en in filosofyjûn.

(Advertinsje)
(Advertinsje)